1 / 13

Lesbrief

Lesbrief. 1. Muzykynstruminten. Welke ynstruminten wiene der by de foarstelling?. fioele . piano. gitaar. De fioele De fioele heart by de famylje fan de snaarynstruminten. Welke snaarynstruminten binne der noch mear?. -         gitaar. -         banjo. -         harp.

cwen
Télécharger la présentation

Lesbrief

An Image/Link below is provided (as is) to download presentation Download Policy: Content on the Website is provided to you AS IS for your information and personal use and may not be sold / licensed / shared on other websites without getting consent from its author. Content is provided to you AS IS for your information and personal use only. Download presentation by click this link. While downloading, if for some reason you are not able to download a presentation, the publisher may have deleted the file from their server. During download, if you can't get a presentation, the file might be deleted by the publisher.

E N D

Presentation Transcript


  1. Lesbrief

  2. 1. Muzykynstruminten Welke ynstruminten wiene der by de foarstelling? fioele piano gitaar

  3. De fioele De fioele heart by de famylje fan de snaarynstruminten Welke snaarynstruminten binne der noch mear? -         gitaar -         banjo -         harp

  4. -         de striikstok By de gitaar, banjo en harp tokkelst de snaren mei de finger. Dit koe Flinter ek op de fioele mar wat brûkte se ek om lûd te meitsjen? De fioele is eins in striikynstrumint, krekt as har grutte broers en sussen: de altfioele, de cello en de kontrabas.

  5. De piano:De piano heart by de famylje fan de toetsynstruminten akkordeon (2) keyboard (3) Welke toetsynstruminten binne der noch mear? oargel (4 en 5) De piano hat in hieleboel swarte en wite toetsen. Ried ris hoefolle? 88

  6. No ha wy snaarynstruminten en toetsynstruminten heard by Flinter mar welke ynstrumintenfamyljes misse wy dan noch? slachwurk blaasynstruminten

  7. Ast in hieleboel ynstruminten byelkoar setst dan krijst in orkest. De fioele spilet faaks yn in symfonie-orkest. Dat binne in hieleboel striikynstruminten (fioelen, celli en kontrabassen), blaasynstruminten en slachynstruminten:http://youtu.be/9x8igNiBaQE?t=1m22s (oant 3.08) De dirigent soarget derfoar dat elkenien yn it orkest tagelyk spilet.Yn it filmke spile it orkest de muzyk fan de mem fan Flinter (Prokofjev, Romeo en Julia) Wa stiet der foar it orkest? -  de dirigent

  8. 2. Muzyk sjen en lústerje De muzyk yn de foarstelling is al hiel âld, faaks al mear as hûndert jier âld. Der wiene doe noch gjin computers en se (de komponisten) moasten elk noatsje mei de hân opskriuwe. Dvorak skreau de muzyk fan Flinter (Humoresque): http://www.youtube.com/watch?v=LR9msTsmpZs Fan Paganini kaam de muzyk (caprice 24) dy’t Ûle te drok wie (0-47 sec): http://www.youtube.com/watch?v=vPcnGrie__M

  9. Strauss makke de muzyk dy’t wy hearden by Iikhoarntsje: de Pizzicatopolka. Hjirby tokkelje alle strikers (se brûke de striikstok net) http://youtu.be/3CAXpuPqfv0?t=28s It sliepferske by de moanne (guten Abend gut’ Nacht) is makke troch Schubert en wurdt yn it folgjende filmke spile troch André Rieu: http://www.youtube.com/watch?v=gLmrr5jkYlw

  10. Flinter giet de wide wrâld yn op muzyk fan Schumann (Von Fremde Ländern und menschen): http://youtu.be/XMs7o19C-YM?t=25s En Brahms makke de muzyk foar de brulloft (Hongaarse dans nr 5, fioele en piano): http://www.youtube.com/watch?v=IvqoP7IoGFM

  11. 3. Ferske: Rizende simmermoarn Meisjongfilmke: http://www.youtube.com/watch?v=5UDDz2U5fEw Hippe fersje mei Piter Wilkens en Remon de Jong: www.youtube.com/watch?v=7s9lE245ftQ Tekst: Wat bisto leaflik rizende simmermoarn! 't Opgeande sintsje laket my oan. 't Hoantsje kraait: “kûkelû”, 't doke ropt: “rûkûkû” Ik wol ek sjonge fleurig fan toan. Alles wat libbet docht der no sines by: Fôltsjes en kealtsjes hynders en kij. Guoskes dy snetterje, skiepkes dy bletterje. Lamkes dy springe nuvere blij.

  12. 't Ljurkje yn 'e wolken de eintsjes yn 't lizich wiet, moskjes en sweltsjes elts sjongt syn liet De ea' barren klapperje, ljipkes wjukwapperje. Skries op 'e hikke ropt grito-griet! 'k Woe foar gjin gûne dat 'k jit te sliepen lei, 't is my sa noflik ier op 'e dei. Protters dy tsjotterje, de eksters dy skatterje, alles is fleurich ik bin it mei.

  13. 4. Muzikale beweging 1. Mei bygelyks xylofoon (heech) en trom (leech) yn it boarterslokaal: -       heech oanslaan: op de teannen en mei útstrekte hannen (sa heech mooglik) oerstekke. -       leech oanslaan: sa leech mooglik oerstekke. - Noch in stapke moeiliker: in middentoan derby foar gewoan oerstekke. 2. Mei in trom (oid) yn it boarterslokaal: -       Oaljefantestappen en mûzestapkes. Bygelyks: 4 stadige grutte stappen, 8 lytse flotte stappen op it lûd fan de trom (wêrby 4 stadige tromslaggen like lang duorje as 8 flotte!) -       Bewege en stilstean. Op it ritme fan de trom stappen sette en at de trom ophâldt gelyk stilstean oant de trom wer begjint (oare snelheid). Fansels kin dit ek op echte muzyk wêrby’t it leuk is muzyk mei ferskate tempi te kiezen en it tempo met de trom mei te slaan. 3. Yn de kring fraach en antwurd klappe en stampe (of oare lûden: a en oe of miauw en boe, ..): Ferdiel de kring yn 2 helten en jou elke helte in lûd. Lit de iene helte begjinne (fraach) en de oare helte antwurdsje. Foarbyld: iene helte trije kear klappe, oare helte trije kear stampe. Of moeiliker: De iene helte twa kear, de oare 4 kear. Of earst trije kear stampe én ien kear klappe en dan pas de oare helte.

More Related