1 / 16

Gysbert Japicx

Gysbert Japicx. Sljocht & Rjocht. Fryske Literator. It dichterskip fan Gysbert Japicx is in riedsel. Gjin oare Fryske literator hat sa’n soad ynfloed op de Fryske literatuer en kultuer as dizze Boalsterter dichter. Wat is de reden?. Riedsel. As iennige skriuwer út de Gouden Ieu liet er

Télécharger la présentation

Gysbert Japicx

An Image/Link below is provided (as is) to download presentation Download Policy: Content on the Website is provided to you AS IS for your information and personal use and may not be sold / licensed / shared on other websites without getting consent from its author. Content is provided to you AS IS for your information and personal use only. Download presentation by click this link. While downloading, if for some reason you are not able to download a presentation, the publisher may have deleted the file from their server. During download, if you can't get a presentation, the file might be deleted by the publisher.

E N D

Presentation Transcript


  1. GysbertJapicx Sljocht & Rjocht

  2. Fryske Literator It dichterskip fan Gysbert Japicx is in riedsel. Gjin oare Fryske literator hat sa’n soad ynfloed op de Fryske literatuer en kultuer as dizze Boalsterter dichter. Wat is de reden?

  3. Riedsel As iennige skriuwer út de Gouden Ieu liet er in literêr oeuvre fan grut ferskaat nei dat yn it Frysk skreaun wie. Mar wêrom’t er dat die, bliuwt in riedsel.

  4. Fryske taal • Frysk hat yn de Midsieuwen in hiel skoft as skriuwtaal fungearre. • Mar yn de 16e ieu waard troch machtwiksels it Nederlânsk de hearskjende taal. • Pas nei 1800 soe troch de Fryske beweging it Frysk as skriuwtaal wer opkomme.

  5. Ûnderwizer Gysbert Japicx waard berne yn 1603. As soan fan in Boalserter Belesting- kollekteur. Gysbert folge de Latynske skoalle en waard ûnderwizer, earst yn Wytmarsum en letter yn Boalsert.

  6. Dichter Ek koe de bêste man goed dichtsje. Ynspirearre troch predikant Johan van Hichtum skeakele er as dichter oer fan it Nederlânsk yn it Frysk. Yn 1640 ferskynde ‘Friesche Tjerne’, in bliere klucht oer in boer dy’t de pacht opbringe sil op in dei dat syn lânhearre krekt syn brulloftsfeest fiert.

  7. Poëzij & Proaza Yn de jierren dêrnei gie er troch mei skriuwen fan poëzij en proaza yn it Frysk. • Leafdespoëzij • Gedichten bij gelegenheid fan polityk barren • Psalmberimings.

  8. Friesche Rymlerye

  9. Bysûnder dat in dichter as him it Frysk brûkte foar serieuze literêre sjenres. Syn poëzy wie fan heech nivo, hy sammele syn wurk yn in boek dat er de Friesche Rymlerye neamde. Skriuwendewei tocht er ek nei oer de krekte stavering fan it Frysk en lei dat fêst.

  10. Frysk ynternasjonaal? Gysbert hie by syn libben in namme as kenner fan it Frysk. It wie dan ek gjin wûnder dat er besite krige fan Franciscus Junius, in taalgelearde dy’t as gûverneur yn Ingelske tsjinst wie. Hy wurke oan in trijetalich wurdboek dêr’t er Aldingelsk, Nederlânsk en Frysk mei-inoar yn ferlykje woe. Gysbert ûnderwiisde him 2 jier it Frysk. It wurk kaam yn Oxford telâne. Ynternasjonale belangstelling foar it Frysk!

  11. Wichtige Freonskip Gysbert syn freonskip mei Fryske skiedskriuwer Simon Abbes Gabbema wie fan grut belang. Gysbert stoar yn 1666 oan de pest, sawat tagelyk mei syn frou Sijcke Salves en syn soan Salves. Yn 1681, fyftjin jier nei syn dea, fersoarge syn freon Gabbema in twadde printinge fan de Friesche Rymlerye. Gabbema beklamme yn de foarredes it belang en de gruttens fan Fryslân.

  12. Sljocht & Rjocht Gysbert Japicx koe sa yn de 19e en 20e ieu útgroeie ta in boechbyld fan Fryske kultuer. Hy wie de ienfâldige skoalmaster dy’t syn klassiken koe, mar der likegoed foar keas om yn de folkstaal te dichtsjen. Sljocht en rjocht, krekt sa’t syn selskeazen biedwurd seit.

  13. Japicxlibbet noch!(ynús hert) Syn ferzen wurde songen, der binne cd’s, konserten en foarstellingen fan syn wurk op muzyk. It Gysbert Japicxhûs yn Boalsert. Syn stânbyld dat stiet by de Martini Tsjerke. De skatkist fan Tresoar yn Ljouwert dêr’t syn Wurk te finen is. Syn wurk dat hieltyd op’e nij bondele en útjûn wurdt en as ynspiraasjeboarne tsjinnet. De Fryske Kanon fan de Skiednis fan Fryslân.

More Related